
De feangebieten fan Fryslân yn 1920. Ien fan de earmste en meast negearre streken fan Nederlân. Dochs bart hjir wat bysûnders. Skounmakkers en bruorren Evert en Thijs Rinsema reitsje yn ‘e besnijing fan it dadaïsme. It is in tiid wêryn’t waarm iten gjin fanselssprekkendheid is, froulju stride moatte om heard te wurden en oarlochsdriging in skaad smyt oer it deistich libben. Júst dêrtroch, krijt ien fan de meast radikale keunstfoarmen fan Europa dêr fêste foet.
De doarpsgenoaten wurde meifierd yn dizze revolúsjonêre geast. Ynternasjonale keunstners lykas Theo van Doesburg en Kurt Schwitters, reizgje nei Fryslân en efkes wurdt it doarp it wrâldsintrum fan de abstrakte keunst. Dochs binne Thijs en Evert yn’e rin fan’e tiid yn it ferjit rekke. Die harren wurk der net ta, of is der wat oars oan’e hân?
De revolutie van de Rinsema’s is in dynamysk en poëtysk muzykteater dêr’t fantasij en werklikheid trochinoar rinne.
cast en crew







Jip van den Dool spel, muziek en zang

Serah Doku Meijboom spel en zang






Overige credits:
casting EPOS Casting portretfoto Renée Caro Lenssen portretfoto Jurriaan: Isabel Sanchez Olid portretfoto Rosa: Laura Bakker portretfoto Geert, Radek, Ruben, Cecile: Nichon Glerum portretfoto Arien: Richard Terborg portretfoto Coen: Bart Grietens portretfoto Jip: Mattias van de Vijver portretfoto Jochem Teska Overbeeke
Geert Lageveen
Geert Lageveen (Drachten, 1961) hat by hast alle Nederlânske toanielselskippen wurke en is sûnt 2000 fêst ferbûn oan Orkater. By Orkater regissearre er ûnder oaren de tige priizge foarstellings Stepping Stones (2024), De plantage van onze voorouders (2023), De Gliphoeve (2021) en Woiski vs. Woiski (2018). By de measte foarstellings wied er ek meiskriuwer. Mei De revolutie van de Rinsema’s slút er syn Fryslân-trilogy ôf, dy’t er mei grut súkses makke mei Orkater en De Lawei.
De Gliphoeve waard yn 2021 offisjeel selektearre foar it Nederlânsk Teaterfestival en nominearre foar de Toanielskriuwpriis 2023. Woiski vs. Woiski waard troch de WijkJury Amsterdam keazen ta bêste foarstelling fan it seizoen.
Tegearre mei toanielmakker Leopold Witte makke er by Orkater ûnder oaren de súksesfolle foarstellings Café 749 (2024), 237 redenen om door te gaan (2018), Alice in Wonderland (2010), 237 Redenen voor Seks (2011 en 2013) en Lutine (2015).
Radek Fedyk
Multy-ynstrumintalist Radek Fedyk studearre elektryske gitaar, jazz en pop oan de Messiaen Academy en trompet en elektryske gitaar oan it konservatoarium yn Arnhim. Syn styl is benammen ymprovisearre muzyk, mar syn muzykkar is breed: fan moderne jazz en wrâldmuzyk (balkan, easters, klezmer, jazz manouche) oant minimal- en klassike muzyk, alternative rock, pop en elektroanysk. Radek wie de ôfrûne jierren as komponist, ynstrumintalist en spiler belutsen by foarstellings fan ûnder oaren Het Houten Huis, Tom de Ket (Mammoet) en Orkater (Alles Komt Goed, Het Nut van Edo Dompelmans). Ek wied er aktyf yn de foarige dielen fan de Fryslân-trilogy.
Renee Soutendijk
Renée Soutendijk (1957) hat mear as 70 ferskate produksjes op har namme stean. Yn mear as 40 jier aktearwurk wiksele se tusken teater, film en telefyzje. Se waard meardere kearen ûnderskieden mei nasjonale en ynternasjonale prizen.
Se wie ien fan de favorite aktrises fan Paul Verhoeven en spile mei yn Spetters en De Vierde Man. Mei Nouchka van Brakel makke se Van De Koele Meren Des Doods en Een Maand Later. Se spile yn films fan Ben Verbong lykas Het Meisje met het Rode Haar, De Flat en Hanna – Wo bist Du?. Ynternasjonaal wie se te sjen yn Wherever You Are, Murderers Among Us, The Simon Wiesenthal Story, Eve of Destruction en Susperia.
Belangrike teaterrollen wiene ûnder oaren Juliana, Als de Dood, Borgen, Twee Vrouwen en Roem. De tv-searje Moordvrouw luts tusken 2012 en 2016 in grut publyk. Yn 2023 wie se te sjen yn de film Neem Me Mee en Sweet Dreams, dêr’t se in Gouden Kalf foar wûn as Beste Hoofdrol. Yn 2024 hie se de haadrol yn Witte Flits, de iepeningsfilm fan it Nederlânsk Filmfestival.
Rosa da Silva
Rosa da Silva (1986) is aktrise, sjongeres en komyk.
Se studearre ôf yn 2014 oan de Amsterdamse Toneelschool en Kleinkunstacademie. Se waard bekend troch har rol as Anne Frank yn de teaterfoarstelling ANNE en har haadrol yn De Tweeling. Se spile fierder yn Het Pauperparadijs, RENT en yn Martin Luther King, bekroand mei in Gouden Krekel (meast yndrukwekkende jeugdfoarstelling 2019).
Yn 2019 wûn se it Amsterdams Kleinkunst Festival (sjuery én publykspriis) mei har program Daar moet je heen. Dêrmei toerde se (útsteld troch koroana) yn 2021-2022 troch hiel Nederlân. Har nijste program A Vida Rosa gie yn novimber 2023 yn premiêre.
Coen Bril
Coen Bril (1997) is in alsidich akteur. Hy spile yn films lykas Trip-Tych (2024), Project Herbert (2024), De Oost (2021) en De Slag om de Schelde (2021) en yn searjes lykas De Joodse Raad (2024), A Town Called Malice (2023), Legacy (2023), Into the Night (2021) en Vliegende Hollanders (2020). Coen spilet yn de foarstelling Alleen maar lieve jongens by it Nationale Theater en wie te sjen yn de solofoarstelling Eromenos en de musical Before After.
Jurriaan Bruinier
Jurriaan Bruinier (1994) is akteur en sjonger; ôfstudearre oan de Toneelacademie Maastricht. Hy wie te sjen yn telefyzjeprogramma’s lykas Het Klokhuis en De Toeslagenaffaire (2024, rezjy troch Joram Lürsen) en films lykas De Man Uit Rome (2024, rezjy troch Jaap van Heusden).
Yn it teater wied er koartlyn noch te sjen yn de foarstelling Herman (2024).
Jip van den Dool
Jip van den Dool (1992) groeide op yn Grins. Nei de foaroplieding by De Noorderlingen gie er rjochtstreeks nei de Toneelacademie Maastricht en studearre yn 2014 ôf.
Fan 2013 oant 2019 wied er fêst lid fan it Orkaterkollektyf Lars Doberman. Harren debútfoarstelling, Een Bebop Verhaal, spilen se op Oerol, yn Finlân en op it Theaterfestival 2014. Mei De Familie Mansøn hellen se de offisjele juryseleksje fan it Theaterfestival 2016. Sûnt 2016 is Jip fêste makker by Orkater. Sûnt 2019 wied er komponist en muzikaal lieder foar produksjes fan ûnder oaren Zuidelijk Toneel, Theater Sonnevanck, KOBRA, Orkater, Internationaal Theater Amsterdam, Amsterdams Andalusisch Orkest en K.O. Brass.
Yn films en searjes wie er ûnder oaren te sjen yn Ventoux, Brasserie Valentijn, Niemand in de Stad, ARES, Red Light, Het Gouden Uur en Het Verhaal van Nederland – Oranje Nassau.
Jochem Stavenuiter
Jochem Stavenuiter is teatermakker/regisseur en akteur/mimespiler. Hy is oprjochter, spiler en artistyk lieder fan Theatergroep Bambie, dêr’t er sûnt 1995 absurdistyske foarstellings mei makket. Fierder regissearre er ferskate jeugdfoarstellings en makke hy de koreografy en fysike sênes by grutte produksjes lykas Fellini (NNT), Op de bodem (Orkater), Borgen (NNT) en Mammoet (Pauperparadijs). Hy spile by û.o. RO Theater, Alex d’Electrique, Noord Nederlands Toneel, Orkater en Artemis.
De revolutie van de Rinsema’s is in produksje fan Orkater en De Lawei en is ûnderdiel fan Arcadia 2025. Noch ien kear weromsjen nei It Fertriet fan de Sudersee? Besjoch hjir nochris de premiêre:
Tagonklikens
Orkater en De Lawei fine it wichtich dat de foarstelling foar elkenien tagonklik is. Dêrom wurkje se gear mei ferskate organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teaterûnderfining.
Fisybeheining
Op snein 15 juny is der in blinetolk fan Stichting Komt het Zien! oanwêzich. Foarôf jout de tolk ek ekstra útlis oer it dekor en de kostúms.
Auditieve beperking
Der kin gebrûk makke wurde fan in ringlieding, dy’t wurket op basis fan in magnetysk fjild.
Fysieke beperking
Der binne spesjale rolstoelplakken beskikber. Foar minsken dy’t minder goed te foet binne, binne der golfkarren oanwêzich.
Vragen
Heb je vragen over de toegankelijkheid? Neem dan contact met ons op via info@revolutievanderinsemas.nl
locatie
De foarstelling fynt plak by Van der Wiel Kompostearring/Sânput Nij Beets, op it adres: Beetsterwei 38, 9244 GC Nij Beets. Der is genôch parkeargelegenheid foar auto’s en fytsers. Fan it parkearterrein is it in lyts eintsje rinnen nei de foarstellingslokaasje. Foar minsken dy’t minder goed rinne kinne, is der in golfkarre oanwêzich. Jo hoege hjirfoar net te reservearjen.
Vanaf het parkeerterrein is het een stukje lopen naar de voorstellingslocatie. Voor mensen die minder goed ter been zijn, is er een golfkarretje aanwezig. Reserveren hiervoor is niet nodig.
pers
‘De revolutie van de Rinsema’s’: muziektheater bij zandwinput Nij Beets – Leeuwarder Courant 29/01/2025
Theatermaker Geert Lageveen hoopt stiekem op een revolutie bij Nij Beets – Omrop Fryslân 29/01/2025
Geert Lageveen in Fryslân Hjoed (vanaf 12:30) – Omrop Fryslân 29/01/2025
‘De revolutie van de Rinsema’s’: Wervelend muziektheater vanaf 29 mei op de zandafgraving in Nij Beets – Groot Fryslan 31/01/2025